Lês mear

80

hektare plangebiet
49
hektare panielen
21.5
hektare lânskipsûntwikkeling

Undersyksgebiet

Sinnepark Middelsee is yn petear mei Dairy Campus, sadat it ek as ûndersyksgebiet foar Dairy Campus en Wageningen UR tsjinje kin. Binnen Wageningen UR wurdt op ferskate plakken wurke oan ferbining tusken plannen oangeande sinne-enerzjy, lânskiplike ynpassing en mooglikheden om funksjes te ferbinen. Der wurdt antwurd socht op de fraach: Hoe kin sinne-enerzjyproduksje kombinearre wurde mei agraryske produksje/grûnbûne feehâlderij?

It sinnepark sil sadwaande meardere doelen ha, neist it primêre doel om duorsume enerzjy op te wekken foar Fryslân.

Ekologyske ferriking

De rannen yn en om it sinnepark (de ekologyske wâlskanten, it strewel lâns it spoar en de krûderike ikkerkanten lâns de ynterne wettergongen) soargje foar in ekologyske ferriking fan it gebiet. In grut ferskaat oan floara ûntstiet troch de ekologyske wâlskanten en ekstinsiver behear wêrtroch’t oare gerzen, rûchte, blommen en krûden in kâns krije. Soks soarget wer foar kânsen foar ynsekten, fûgels en lytse sûchdieren. Yn totaal giet it om sawat 8,5 hektare oan rannen. Neist dy rannen binne der trije sônes ynrjochte mei as primêr doel de ekologyske ferriking fan de omjouwing.

Om de wenten oan de Kempenaersreed hinne komt sawat 6,5 hektare oan greiden beskikber foar ekstinsyf greidebehear en natoerûntwikkeling. Boppedat wurdt in ynformatyf kuier- en fytsgebiet kreëarre.

Duorsume ûntwikkeling mei each foar de omjouwing

De rannen yn en om it sinnepark (de ekologyske wâlskanten, it strewel lâns it spoar en de krûderike ikkerkanten lâns de ynterne wettergongen), soargje foar in ekologyske ferriking fan it gebiet.

Omjouwing

Uterst soarchfâldich romtlik ynpast plan

Lokaal

Dit projekt is 100% Nederlânsk

Duorsum

Wier griene stream foar de gemeente Ljouwert

Natoer

Mear romte foar ekology en de minsk

Diele

Lokaal eignerskip mooglik makke

Kennis

Undersyk nei in permakultuerprojekt

Oanpak en fasearring

De oanlis fan park Middelsee bestiet út in fiiftal fazen.
Op dit stuit befynt it projekt him yn faze 2.

1

2018

Start planfoarming
2

2020

Oanfraach fergunning
3

2021

Subsydzje
4

2023

Bou
5

2024

Griene stream produsearje

It inisjatyf

Inisjatyfnimmer en eigner fan Sinnepark Middelsee binne Solar Pro Active en Gutami Solar. Partisipant fan it projekt is Koöperaasje Enerzjyk Goutum.

Yn petear oer projekt en ûndersykspartner binne we mei Dairy Campus en Wageningen UR. Ek binne we yn petear oer in gearwurking mei Frijlân oer ûndersyk nei de permakultuer fan it gebiet.

Wolle jo yn dit projekt partisipearje? Nim kontakt op mei Koöperaasje Enerzjyk Goutum fia info@energiekgoutum.nl

Oer Solar Pro Active

Wy wurkje oan in maatskippij mei minder CO2-útstjit, dêr is ferlet fan! Dy enerzjytransysje kin ús net fluch genôch gean, oparbeidzjen dêryn is nedich.

Solar Pro Active ûntwikkelet sinneparken wêrby’t yn it ûntwerp oandacht is foar lânskip en natoer. In foarbyldprojekt dêryn is sinnepark Pekela, dêr’t in natoerynklusyf ûntwerp yn útwurke is.

Nei de website

Oer Gutami Solar

Gutami is spesjalisearre yn it bouwen en behearen fan sinne-enerzjysystemen.

Wy sjogge nei helberens en feiligens fan de systemen. Dêrmei drage wy by oan de enerzjytransysje.

Nei de website

Nijs & updates